Actueel

Sinnebril

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


It is in sinnige sneintemoarn, krekt wat foar njoggen oere. In grut diel fan de meiwurkers is al oanwêzich yn’t tsjerke. De koster hat fansels de doar al los en it gleske wetter klearset foar de dûmny, it technysk team hat de saken opstart en de kofjeskinkers binne de kopkes al oan it klearsetten.
De oargelist komt binnen. “Goemoarn allegearre”, en komt by it groepke stean. Dan komt sy der efter dat de sinne yn de hal fan tsjerke aardich minder fel skynt dan bûtendoar en wol de brillen efkes omruilje. “Och hearken, ik haw allinnich myn sinnebril mar mei”, merkt sy op nei in graai troch de tas.
Om it oargel fêst wat waarm te meitsjen, wurdt der al begûn mei spyljen. De earste ferskes hat de oargelist spiele mei de sinnebril op. De kameraman stjoert dit byld mar net út, mar it is wol aardich om te gnizen.
Back To Top