Actueel

Trochrekkenje

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


De earste tsjerkegongers sieten op Himelfeartsdei sa’n heal oere te betiid yn’t tsjerke. Der wie yn Kruispunt in ferkearde begjintiid kommunisearre sadat net elkenien de júste tiid fan de mienskiplike tsjinst mei de CGKV yn De Regenboog kin.

By tafal hat koster Anne Rijpma te hearren krige fan it fersin en hat derom de doar mar wat earder iepen dien en foar de wissichheid de kofjemasjine oan set. Dat is mar goed ek, want al rûn njoggen oere binne de earste PKN’ers oanwêzich en as dy te hearre krije dat de tsjinst pas om tsien oere begjint, litte sy harren mar al te graach in kop kofje oanbiede.

Freonlik skinkt Anne de kofje yn. Om de gastleden wat op de kast te jeien giet hy mei in laitsjend gesicht fierder: “Mar jimme moatte der mar al om tinke dat ik de kosten fan dizze bakjes kofje trochberekenje oan jimme gemeente.”

Back To Top