Actueel

Technyk

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


De technyk moat altyd wurkje en as it net wurket, wurket it net. Eins is it alle sneintemoarnen foar de betsjinners fan de beamer, kamera en lûdynstallaasje wol wer in bytsje spannend: wurket it allegearre sa’t it wurkje moat?

De tsjinst fan de startsnein is al in aardich ein op wei en ôfsjoen fan in pear lytse dinkjes is it wol aardich goed ferrûn. Flak foar de segen giet der dochs noch wat mis: de kompjûter fan de beamer rint fêst.

Yn rap tempo wurdt in oplossing betocht: de kameraman dekt it byld ôf mei in spyljend Blaast de Bazuin en de beamerman start ûndertusken syn programma opnij op. Wylst it yntro fan it segenliet al ynset wurdt, slagget it krekt om te tekst wer op it skerm te krijen. Pfftt… dat wiene wer efkes in pear spannende sekonden wêryn dúdlik wurdt hoe ôfhinklik wy eins binne fan de technyk.

Back To Top