Actueel

Murphy

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


De ynternetsteuring is oplost, mar de monteur wie noch mar krekt fuort of it kamerateam ûntdekt dat it systeem fan de betsjinning net mear wurket. Nei lang sykjen yn in yngewikkeld systeem wurdt besletten om snein dan mar wat ienfâldigere bylden út te stjoeren.

Op dizze sneintemoarn liket de wet van Murphy te wurkjen. Der binne gjin kofjeskinkers wylst de earste gasten al binnen komme, it beamerbyld ferskynt net op’e muorre en de registraasje koade is út it beamerprogramma ferdwûn, de bern kinne gjin filmkes sjen en der binne net genôch koekjes.

Fan alles driget der ferkeard te gean, mar efter de skerms wurdt hurd wurke om alles wer oan’e praat te krijen. Tidens de tsjinst kin elkenien meisjonge fan ôf de beamer, thúsbliuwers kinne de tsjinst folgje en foar elkenien is neitiid kofje en koek… Wat binne wy dochs in segene gemeente mei safolle hurde wurkers efter it skerm.

Back To Top