Actueel

Organisaasje

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


In jûntsje Soep & Sjoelen, dêr hat in aardich diel fan de gemeente har al mear as ien en twa kear mei fernuvere en yn de wannelgongen is dan ek al meardere kearen de fraach stelt as it net hast ris wer safier is.

“Jawis”, sa antwurdet it organisearjende ferbiningsteam fuortdaliks entûsjast. It draaiboek leit ommers wol klear, in datum foar de earstfolgjende kear wurdt al fêstlein en de earste berjochten wurde de wrâld al ynstjoerd.

By de gearkomst fan it team docht lykwols bliken dat de teamleden allegearre ek op in hiel soad oare mêds wol aktyf binne en de organisaasje eins wolris in jier oerslaan wolle: it moat allegearre wol dien wurde. Dit jier dus gjin pantsje sop mei in broadsje kroket en dernei in potsje sjoele. Oar jier mar ris wer sjen, of miskien wol Iemand Anders it wol organisearje, mar dizze persoan is ek nea thús.

Back To Top