Actueel

Steuring

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


Omdat koster André efkes in pear dagen fuort wie en der gjin ferfanging is foar in útfearttsjinst, moast der okkerdeis in âlde helper fan de stâl helle wurde; Harm doarde it nei safolle jier noch wol oan. Fansels moast hy de sneins foarôfgeand oan de tsjinst noch wol efkes mei hulpkoster Oene troch De Flambou om de saken op’e rige te setten. De swier modernisearre technyk is ommers alhiel net út de tiid fan Harm.

Beamerman Dick is op dat stuit noch efkes wat oan it testen mei lûd en krekt op it momint dat Harm it foarinoar kriget om alle ljochten út te dwaan, hâldt ek de muzyk op. Alles is stil.

“Wat dochst no!?!”, freget Dick beskuldigjend. Dan stiet Harm wol efkes wat nuver om him hinne te sjen, mar as de beamerman begjint te laitsjen, hat hy al gaueftich yn’e smizen dat de steuring gjin tafal is.

Back To Top